Els Sinia - wat ik as juf yn Nijtsjerk belibbe

Els Sinia - wat ik as juf yn Nijtsjerk belibbe
©: Els Sinia

As juf makket men hiel wat mei, der is dan ek in protte te fertellen. In pear ferhaaltsjes wol ik hjir meidiele.
By de Tulpe-kuiertocht yn Nes moasten ek skoallegroepen meidwaan. Sadwaande moast ik dêr mei yn’t spier. Om in bytsje kreas mei myn groepke foar it ljocht te kommen, hie ik my ynlêzen yn ‘e wedstryd-regleminten foar de kuiertochten. Myn lytse stappers moasten leare om tagelyk de rjochter en tagelyk de linkerfoet foarút te dwaan en netsjes op in rige te bliuwen. Dus oefenje mei marsjearen. Dat foel noch net ta om it ‘links rechts in de maat anders wordt de juffrouw kwaad’ der yn te stampen, mar it slagge al. Wat ik nea ferwachte hie, wy wûnen de earste priis! Dat moasten wy fiere! Ik ha myn lytse ‘helden’ trakteare! Hja hiene it fertsjinne.
Myn bûsen ha’k my wolris útskuord om de kâlde opmerkings fan myn bern. Sa fertelde ik in kear oer Jozef, dy’t út ‘e finzenis helle waard om nei farao brocht te wurden. Dêr koe Jozef fansels net smoarch hinne. Hy moast kreas yn ‘e klean. Hja lutsen him in swart rokje oan. ‘Wat stom juf, wêrom naaiden se de naad tusken syn fuotten net ticht dan hie hy in broekje oan!’
Op in kear wie ik slim ferkâlden. Ik stie myn noas te snuten, seit ien fan de baaskes: ‘Wat no juf, wol de auto net rjocht starte?’ Hâld dy dan mar ris goed. Der kaam in famke by my oan tafel: ‘Mei ik juf in geheimke fertelle?’Hja treaun har holle tsjin myn holle oan en sei: ‘Juf ik ha lúskes.’ Wat ha ik dy deis yn myn hier sitten te klauwen, ik fielde se rinnen, mar it wie net sa hear, loos alarm!
Doe’t ik sa ûngelokkich foel, mei myn holle op in iisrâne, koe ik net mear nei skoalle werom. Wat ha de bern en de âlders om my tocht! Al dy prachtige tekeningen en brieven en kaarten. Jimme ha my dêr mei holpen om wer better te wurden. Ik ha alles wat jim foar my makke ha, bewarre. Sa kin ik no nochris izze: Tige Tank!
Om’t myn sûnens net rjocht goed bliuwe wol, wit ik net oft ik kom op de reüny. Ik winskje yn alle gefallen elk in slagge reüny ta en faaks oant sjen op 26 maaie.

Colofon

De Doarpsskille – Extra Edysje Skoallereuny – 26 maaie 2018

© Tekst: Els Sinia © Foto voorblad: Els Sinia
Lees meer

Gerelateerde informatie


VenstersFoto’s