Schoolinrichting en financiën 1800-1850

Schoolinrichting en financiën 1800-1850
©: Wikipedia

Oer de ynrjochting fan de skoalle om 1850 hinne is mar in lyts bytsje bekend, allinne in koarte beskriuwing út 1844 ha'k fine kinnen:

Nijkerk op 30 okt. 1844:

695 personen, 100 leerlingen, 3 klassen: "een bijna nieuw gebouw"

Eigen aan het dorp, 1 schoolvertrek:

Lang 11.9 el, breed 6 el, hoog 4,25 el

In het schoolvertrek kan een behoorlijk gelijktijdig onderwijs worden gegeven (standaard formulering)

Mobilair:

15 lessenaars met banken, 1 boekenkast, 1 kagchel

Materiaal:

8 kaarten, 7 leerborden, stel maten en gewigten in Ned. El

Dat de skoalle yn 1844 "bijna nieuw" wêze soe, kloppet net. De skoalle is yn 1822 boud en yn 1838 fernijd en feroare, dat sil wol bedoeld wêze. Dat al dy 100 learlingen yn ien skoallelokaal in plakje fine moasten op 15 banken is hast net te leauwen!! De measte bern sille de laaie wol op 'e knibbels hâlden ha, mooglik ha allinne de âldsten in bank mei lessenaar brûke kinnen. En dan dat materiaal!! Nee, dan is it hjoeddedei wol oars!

Wa betelle doe de skoalmaster?

De âldste gegevens dy't ik no fûn ha, binne fan 1803 út de: "Staat der Nederduitschen scholen in't Departement van de Eems".

Sjoerd Jans (Jansma) stiet dêryn beskreaun as "J. Jans" mar dat sil wol in ferskriuwing wêze. Oer de skoalle fan Nijtsjerk stiet beskreaun:

"Nijkerk, 377 zielen, 1 bezoldigd onderwijzer J. Jans, ook voorlezer en voorzanger"

Jaarwedde:    178 gulden, 17stuivers en 8 duiten

Emolumenten:    vrije woning

Schoolgeld:    elke 3 maand 6 stuivers, armschool 's weeks 1 stuiver

Fonds waaruit betaald:    f 116,- uit kerkekas, f 62-17-8 van landerijen

Recht van eigendom van school en huis:    Kerkelijk

(Er is in "armkas" – een "fonds van minvermogenden")

Hjir docht út bliken dat de tsjerke fan Nijtsjerk de skoalmaster alhiel sels betelle, yn oare doarpen betelle de gritenij gauris mei.

Dat docht bygelyks bliken út in list út 1818 doe't Tseard Sybenga f 250,- yn it jier fan de tsjerkfâdij barre koe.

De skoalmaster fan Eanjum barde doe wol mear, f 302,15, mar moast dat fan ferskate kanten ophelje:

district (f 58,15),

tsjerke (f 88,60),

lânhier (f 70,40) en

grûnpachten (f 70,40).

Dy grûnpachten kamen fan 65 ferskillende pleatsen en huzen. At master Buma dy elk jier allegear sels ophelje moast?

Der is noch in list út dy tiid (1817) wêr't de jildbedragen noch wat mear útsplitst binne en ek de bybaantsjes dy't de measte skoalmasters yn dy tiid hiene om rûn komme te kinnen, neamd wurde: 

T. Sybenga, 2e rang, 50 learlingen, f 250,- fan de tsjerke wêrfan f 30,- as oargelist (sûnt 1814 wie der in oargel yn tsjerke en hoegde de skoalmaster net mear as foarsjonger yn aksje te kommen, mar waard wol fan him ferwachte dat er it oargel bespylje soe),

f 50,- oan skoaljild,

f 25,- foar it frij wenjen,

yn totaal f 325,- alhiel út de tsjerkfâdijponge.

Der stiet noch by dat "Dessels voorganger is geweest collecteur en floreen-ontvanger (waarvoor f 120,-). Geen bedieningen thans". Sjoerd Jans hie dus earder wol mear ynkomsten, mar Sybenga net.

Colofon

De Doarpsskille, september 2007

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: Wikipedia
Lees meer

Gerelateerde informatie


Vensters