Dong - en turfhannel Van der Schouw


Dong - en turfhannel Van der Schouw
©: PBG - Akke van der Schouw-Hoekstra (1866-1949) voor steeg van nrs. 13 en 15.

Op hûsnr. 13 wennen Jan en Gepke van der Schouw, neidat hja earst in skoftke op it skûtsje wenne hiene. Jan wie skûtsjeskipper en siet yn `e dong- en turfhannel. (foto: Akke, mem fan Jan).

De fruchtbere kowedong waard earder út Fryslân oer de Iselmar nei de bollefjilden yn Noard-Hollân brocht. Fan oarsprong wie húsnr. 13 in pleats mei in bûthús, in skuorre en in telle. It neistlizzende hûs (no hûsnr. 11) wie de wenning fan de pleats. Letter is yn de skuorre oan it foarein (fan de dykskant ôf) wenromte makke. Yn 1933 is it wenhûs fan hûsnr 11 ferkocht oan Albert Brink, dy `t hjir in bakkerij begûn (sjoch kuierbuordsje 4).

As men yn ’e steech sjocht (tusken de hûsnrs. 13 en 15) sille jo jo miskien ôffreegje hokfoar nuvere konstruksje jo sjogge: oan de ein is in oerkaping (fan hûsnr. 15 ) oan de rjochterkant mei in steunpylder yn de tún fan de buorlju oan ’e lofterside (hûsnr. 13). Dat komt omdat it doetiidske foeraazjepakhûs yn de jierren sechstich fan de foarige ieu oankocht en ferboud is troch de famylje Wielenga. Dy famylje hat it pakhûs ferboud ta in fakânsjehûs mei balkon. Dêr hat doe de ferneamde Fryske arsjitekt Abe Bonnema it ûntwerp foar tekene. Yn ruil foar de peal yn ’e tún krige de famylje Van der Schouw om ’e nocht in ynpannige wc.

 

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - Akke van der Schouw-Hoekstra (1866-1949) voor steeg van nrs. 13 en 15.
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)