It oargel fan de Laurentiustsjerke


It oargel fan de Laurentiustsjerke
©: Atse Bruin

Yn 1902 wurdt besletten om achter yn de tsjerke in houten sket te pleatsen om sa in foarportaal te kreëarjen. Der is noch wol wat diskusje oft it seildoek of hout wurde moat mar de mearderheid giet foar in houten sket. Der is no in iepen romte, mar as dêr in plafond yn pleatst wurde soe, ûntstiet der in flier dêr’t in oargel op stean kinne soe. Yn septimber 1907 wurdt der in bûtengewoane ledegearkomste útroppen mei as ûnderwerp: it oanskaffen fan in oargel foar de tsjerke fan Folsgeare.

De rju earwearde dûmny van Reeuwijk hat de tsjerkfâden der op wezen, dat Folsgeare ien fan de pear tsjerkegemeenten is, dy’t noch net in tsjerkoargel hat. Dûmny hat fernommen dat de evangelyske feriening yn Boalsert har oargel te keap oanbiedt foar net al te folle jild. In goede gelegenheid om in oargel ynklusyf kreake foar it lytse bedrach fan fl. 950,- oan te tugen. De kosten foar it ôfbrekken en de opbou komme hjir oerhinne, de totale kosten sille likernôch fl.1400,- à fl.1500,- wêze. Nei in stûfe diskusje wurdt oergongen ta stimming. De measten binne foar, al is it entûsiasme net grut. Der binne fiif tsjinstimmers. De tsjerkfâden sille mei in saakkundige in ûndersyk ynstelle. Falt dit goed út, dan sille de hearen Abma en Zoethout mei in yntekenlist omgean. Is it omkearde it gefal dan is de saak sletten. Der komt gjin yntekenlist en gjin oargel.

Begjin 1920 stiet de oanskaf fan in oargel wer op de wurklist. Dûmny Karres bepleitet de winsklikheid ta it pleatsen fan in oargel yn de tsjerke.  Hy stelt út om in oargelfûns op te rjochtsjen. It jild hjirfoar soe fûn wurde kinne út frije bydragen fan de leden yn Folsgeare en yn de sustergemeenten. Hy stelt himsels beskikber om mei ien fan de leden in ynsamling te hâlden. De tsjerkfâden steane der lykwols net efter want de finansjele posysje fan de tsjerke is net al te bêst. Besletten wurdt om de behanneling fan dizze kwestje ta de kommende gearkomste út te stellen. Op de gearkomste fan maart 1921 krigen de tsjerkfâden de opdracht om te freegjen wat it tsjerkoargel fan Abbegea kostje moat om dêrnei fierdere plannen meitsje te kinnen.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atse Bruin
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten

  • Gjin titel

    Disclaimer

  • Gjin titel

    Disclaimer



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)