Froukje Annema-Noordenbos, 25 jier lyn


Froukje Annema-Noordenbos, 25 jier lyn
©: Annie Bremer

In tinkteken foar Froukje Annema-Noordenbos

Op in Skriuwerswykein yn Beetstersweach, Koartehimmen, trof Froukje û.o. Mentha de Jong, dochter fan de skriuwer Hoatse de Jong.
Mentha de Jong út Stiens bewûndere it wurk en de skriuwstyl fan Froukje. Se fûn dat Nijtsjerk oandacht jaan moast oan Froukje en skreau ferskate brieven oan de foarsitter fan Doarpsbelang. 

Doarpsbelang Easternijtsjerk hat doe yn 1998 besluten om te kommen ta in tinkteken foar dizze âld ynwenster fan it doarp.  Gjin grut monumint, mar in ienfâldich oantinken oan in skriuwster dy’t de wrâld en it libben fan minsken sa tichtby bringe koe. De bedoeling fan dat monumint is dat de krêft fan har taal útstriele sil nei doarpsbewenners en foarbygongers.

25 jier lyn
Froukje Noordenbos, Frysk skriuwster, yn 1941 berne op Berchhuzen. 
Op tiisdei 9 july 2024 wie it 25 jier lyn dat der in tinkstien foar Froukje Annema Noordenbos ontbleate waard.
Yn 2023 (25 jier nei it ferstjerren fan Froukje) hawwe we op skoalle rom oandacht hân foar har skriuwen, har berteplak op Berchhuzen en de tinkstien. We hawwe gedichten lêzen, nei de pleats west en blommen bij de tinkstien del lein.
Se krige in tinkstien, monumint op de Boate’ Hoeke, makke troch Pieter Heijnen, mei ynbring fan famylje en Mentha de Jong (freondinne fan Froukje).
Doarpsbelang hat soarge dat der op 9 july in pracht blomstik (by it monumint) kaam te stean makke troch Hinke Elzinga.
Ek de famylje hat blommen by de tinkstien brocht.
Der wurdt no wurke oan in buordsje mei histoaryske ynformaasje oer Froukje Annema- Noordenbos.
Sokke buordsjes steane op ferskate plakken yn Easternijtsjerk, mar ynkoarten ek by dit tinkteken.

© Tekst: Annie Bremer © Foto voorblad: Annie Bremer
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Vereniging voor Dorpsbelang Easternijtsjerk)