Súdeast Fryslân: beken, bosk en heide


Súdeast Fryslân: beken, bosk en heide
©: FrieslandWonderland

Fryslân is mear as allinne marren, terpen, diken en de alve stêden. It is ék in gebiet fan feanûntginnings, heidefjilden, bosk en beken. Mei-inoar foarmje dy it unike lânskip fan Súdeast Fryslân.

Dêr giet Fryslân stadich oer yn Drinte en Oerisel. Lânskiplik, mar ek wat de kultuerhistoarje en de taal oangiet. Súdlik fan de Tsjonger lizze “de Stellingwerven”, dy’t oant 1504 selsstannich wienen. In part fan de befolking praat dêr Stellingwerfsk, in taal dy’t mear besibbe is oan it Drintsk, it Grinslânsk en it Platdútsk as oan it Frysk.

Súdeast Fryslân hat in oantal bekende toeristyske plakken: Bakkefean, Appelskea, it “Drents Friese Wold”, Noardwâlde, Aldeberkeap, Beetstersweach en Oranjewâld. Dêr kin men prachtige bosk- en heidegebieten fine, steatlike lânhuzen, in grut tal fyts- en kuierpaden, gallery’s, musea en attraksjes foar bern. Mar ek de minder bekende parten fan it gebiet binne tige de muoite wurdich. Nim bygelyks “De Frije Wiken”, in skitterjend en noch foar in grut part net ûntdutsen gebiet tusken de Opsterlânske Kompanjonsfeart en De Tsjonger. Lykas yn “De Gutte Feanpolder”, bewesten Wolvegea, geane kultuerhistoarje en natuer dêr hast ûngemurken yn inoar oer. De grutskalige turfwinning yn beide gebieten hat boppedat in stelsel fan farwetters opsmiten, dy’t hjoe-de-dei in part binne fan de Turfrûte, in prachtige rekreative farrûte troch Súdeast Fryslân, Súdwest Drinte en Noardwest Oerisel.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen