Tsjaerddyk 42
Yn Folsgeare is net in timmerman en út de tsjerkeboeken falt op te meitsjen dat fan 1697 ôf Broer Pybes, master timmerman út Drylts, regelmjittich reparaasjes docht oan’e tsjerke en de toer oant 1715. Fan 1725 ôf docht Schelte Edgers sa út en troch it timmerwurk.
Yn 1739 wennet Schelte Edgers yn Tsjalhuzum en is hy de fêste timmerman foar de tsjerke fan Folsgeare oant 1752. Syn soan Edger Scheltes giet, as hy âld genôch is, mei syn heit mei op paad om syjn heit te helpem en it fak te learen.Yn Folsgeare komt hy yn’e kunde mei Ymkjen Freerks. Se trouwe yn 1751 en sette harren ta wenjen oan’e Tsjaerddyk 42. Edger begjint hjir in winkel en timmersaak.
Yn 1753 krije Edger en Ymkje in soan dy’t nei syn pake neamd wurdt, Schelte Edgers. Schelte wurdt doopt yn 1753 yn Folsgeare. Se krije dêrnei noch in soan dy’t Freerk Edgers neamd wurdt.
Schelte wurdt boer en begjint in komelkerij oan’e noardkant fan de Tsjaerddyk nêst it tsjerkehûs.
Nei it ferstjerren fan Edger Scheltes yn 1783, wurdt hy opfolge troch syn soan Freerk Edgers. Freerk wennet oant likernôch 1795 yn it doarp.
Nei 1800 komt Bauke Jans, master timmerman út Ysbrechtum, nei it doarp foar reparaasjes oan’e tsjerke.Hy ferstjert yn 1808 en it doarp moat wer op syk nei in oare timmerman.