Sippe Baukes Elzinga

Sippe Baukes Elzinga
©: Tresoar

In krimineel út Easternijtsjerk?

Al in tiidlang hat Tresoar op har website de gegevens út it "Geheim Register van ontslagen gevangenen, 1882-1890" publisearre. It nijsgjirrige is dat, nêst wat gegevens oer de misdied, de straf en persoans-beskriuwings der ek foto's by hearre, en dat út dy tiid!
Men is fansels benijd at der Nijtsjerkster nammen yn de list foarkomme en dat is yndied sa. Under nûmer 234 út it jier 1884 stiet:

N°. 234. ELZINGA, Sippe Boukes, oud 56 jaar, arbeider, weduwnaar, Protestant, geboren en laatst gewoond hebbende te Nijkerk, gemeente Oostdongeradeel,

lang                      1.77 meter,
haar en wenkbr.    blond,
voorhoofd             smal,
oogen                  grijs,
neus                    lang,
mond                   groot,
kin                       rond,
baard                  zonder,
aangezicht         ovaal,
kleur                  gezond:

Werd veroordeeld:
21 Januari 1854 door de rechtbank te Leeuwarden, wegens oplichting, tot 1 jaar gevangenisstraf;
30 Januari 1879 door het gerechtshof te Leeuwarden, wegens diefstal van vee uit de weide, tot 5 jaar tuchthuisstraf.
Hij wordt den 30 Januari a.s. uit de strafgevangenis te Leeuwarden ontslagen en zal zich ter ontvangst zijner uitgaanskas naar Huizum, gemeente Leeuwarderadeel, begeven. Zijn gedrag in de gevangenis was zeer goed. Hij was als reiniger werkzaam. Hij kan niet schrijven.

Sippe Baukes Elzinga is berne op 3 maart 1826 as soan fan Bauke Johannes Elzinga en Tyttje Sippes de Bruin. Hij trout op 10 maaie 1856 mei Antje Sjoerds Jansma, dat is in jier nei’t er finzen sitten hat. Se wenje yn de buorren, yn 1864 bygelyks op 'e hoeke De Lyts Ein-De Buorren en letter wêr't no De Buorren 10 is. Se binne net lokkich wat harren bern oangiet want:

*op 20 septimber 1864 krije se in libbenleas bern
*op 7 juli 1868 ferstjert soan Ernst Sippes, 20 dagen âld
*op 4 oktober 1870 ferstjert dochter Zwaantje, 1 dei âld
*op 17 desimber 1872 krije se nochris in libbenleas bern

Yn juny 1875 begjint Sippe Baukes Elzinga mei plannen om in pleatske te bouwen oan de Ropsterwei 16: hy freget oan om in daam yn de sleat pleatse te meien. Hy hat net genôch jild en lient yn jannewaris 1876 in bedrach f 600,- fan notaris Feenstra fan Mitselwier en stelt as ûnderpân:

"een stuk bouwland aan den grindweg onder Nijkerk A 748, met de daarop nieuw gestichte gardeniershuizing welke nog niet afzonderlijk ten kadaster is bekend."

Op 8 febrewaris 1878 komt syn frou Antje Sjoerds Jansma te ferstjerren en dêrnei liket it mis te gean mei Sippe want yn 1879 wurdt er foar fiif jier fêst setten yn de finzenis fan Ljouwert, lyk as wy hjirboppe al sjoen ha. De bern sjogge it blykber ek net mear sitten want se ferkeapje it pleatske (sjoch foto)
Yn de advertinsje liket it krekt as is Sippe Baukes Elzinga ferstoarn want der stiet "Thans in (eigen) gebruik bij de Kinderen van Sippe B. Elzinga."
Hy siet doe lykwols yn de finzenis yn Ljouwert.
Dit pleatske bestiet noch altiten want op it hiem fan Sippenburg, fuort links fan de homeie, is it noch oanwêzich, it wurdt no brûkt as stâl foar de skiep fan de famylje Durk Seepma, benammen Eelkje slacht dêr foar master op.
It kin wêze dat Sippe Baukes Elzinga soarge hat foar de namme ‘Sippenburg’ fan it pleatske, no dus it bedriuw fan Durk Seepma. Soene hy en syn famylje dêr mei bedoeld wêze? De burcht fan Sippe en syn gesin? Sippenburg? It is net wis want in stik lân de wei oer hyt fan "De Lip" en yn âld skrift lêst men samar "sip" yn stee fan ”lip”, en dan is men ek ticht by it wurd Sippenburg.
Op bygeande foto sjocht men Sippe Baukes Elzinga yn 1884. Hy sjocht der net as in krimineel út, hat in blier gesicht en sjocht fol betrouwen yn de lins fan de fotograaf. Hy hat him goed gedroegen yn de finzenis. Wêr't hy letter bedarre is, ha'k net fine kinnen, hy is yn alle gefallen net yn Fryslân ferstoarn.
Wa't noch mear kriminelen sjen wol (soe der ek famylje tusken sitte???) moat mar ris sjen op:

http://www.friesfotoarchief.nl

Colofon

De Doarpsskille, juny 2008

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: Tresoar
Lees meer

Gerelateerde informatie


VenstersFoto’s