Jentje Everts fersus Hoyte Lolkes
Evert Alberts út Reduzum en Berber Claeses út Grou trouwe op 29 septimber 1715 yn Grou. Nei harren houlik komme se yn Raard te wenjen dêr’t Tetje 1716, Rinske 1718, Gerben 1720, Albert 1722, Ytje 1724, Klaas 1726, Jacob 1728, Jentje en Hinke 1734, Sybren 1735 en Anke yn 1738 berne wurde.
Jentje Everts ( de Groot) út Raard, de iene helte fan de twilling, trout op 6 maart 1757 mei Akke Bonnes út Grou. Nei 1768 is hy boer wurden op Suderburen yn Folsgeare (Easthimmerwei 23), it lân fan de ôfbrutsen buorkerij dêr neist hat hy der by. Yn 1778 is hy tegearre mei syn broer Jacob Everts kurator oer de bern fan syn suster Hinke en Rinske.
Pieter Luitjens is boer en troud mei Trijntie Klaases. Se wenje nei harren trouwen yn Skearnegoutum dêr’t op 8 oktober 1752 Wypkjen Pieters berne wurdt. De húshâlding ferhuzet letter nei Tsjalhuzum.
Hoyte Lolkes fan Folsgeare trout op 23 maart 1777 mei dizze Wypkjen Pieters fan Tsjalhuzum. Nei harren trouwen komme se te wenjen op Walma state, dêr’t op 18 septimber Jelle berne wurdt.