Familie Adema, kruideniers
Yn 1955 kamen Romke en Corrie Adema fan Kollumersweach nei Nijtsjerk ta. Hja kochten in winkeltsje oan De Lyts Ein oer fan Taekele Soepboer.
Dat hûs is der no net mear, mar stie neist de bakkerij fan Buwalda, no is dêr de tún fan Durk en Tineke Slager. Hja wiene net de iennichste winkellju yn Nijtsjerk want yn
De Buorren 19 hie Klaas Soepboer in Spar-winkel en yn
De Buorren 11 hie widdo Ymkje Terpstra in 4=6-winkel.
Dan binne wy der noch net want yn
Langgrousterwei 6, letter kosterswente, hie Tamme de Vries in Enkabé-winkel.
Yn 1965 kocht Adema de 4=6-winkel oer fan Jappie Kingma en dêrmei wie hy de iennige krudenierswinkel yn Easternijtsjerk want de oare winkels wiene sa stadichoan ferdwûn as ferkochten oare dingen. Soan Broer Adema naam yn 1977 de saak oer en doe’t hy yn 1984 mei syn gesin nei Zevenaar gie, hie sawat 30 jier in Adema in krudenierssaak hân yn Nijtsjerk.
Broer Adema hat okkerlêsten yn de searje “Hoe is it no mei...” stien yn De Doarpsskille en doe die bliken dat er noch in prachtich folderke fan syn 4=6-winkel hie mei dêryn it resept foar in “Nijtsjerkster Preimiel”. Dat is sa moai (benammen dat ‘nuk de útlekte prei der yn” past hiel goed yn it Nijtsjerkster idioom!), dat wolle wy jim net ûnthâlde as oantinken oan de famylje Adema!
Colofon
De Doarpsskille. september 2012