Anne Wytzes
Anne Wytzes út Folsgeare krige foar moard op Jantie Feijtes en Stijntje Jans de swierste straf dy’t begjin 17e iuw jûn wurde koe.
Hy waard rêdbraakt!
Hjir folget it ferhaal wêrom’t hy dizze straf krige út Criminele sententies : Hof van Friesland 23-10-1717
Op snein 30 augustus 1716 gie Anne Wytzes, dy’t sûnt in skoftsje wenne op de Olde Galileën binnen Ljouwert, nei de wenning fan Seerp Beerns en Jantie Feijtes yn Goutum, mei as doel dêr te stellen. Hy wist dat Seerp Beerns net thús wie. De boppedoar wie iepen en it koste gjin muoite om de ûnderdoar fan de skoattel te dwaan en sa troch it portaaltsje yn de keamer te kommen, dêr’t de 70-jierrige Jantie Feijtes yn har stoel siet.