Twadde skoalle fan Folsgeare
Mei yngong fan 1 jannewaris 1886 wurdt de iepenbiere skoalle yn Folsgeare troch de gemeente opheft. Dit berjocht komt net as in tongerslach út ‘e kleare loft, want de âlden hawwe oanjûn dat se kristlik ûnderwiis foar harren bern wolle. Hjirfoar wie al in kommisje oprjochte ta begeunstiging fan kristlik ûnderwiis yn Folsgeare. Wannear’t de statuten op 7 maart 1886 by keninklik beslút goedkard wurde, is de feriening in útmakke saak. Yn septimber 1886 komt it bestjoer wer by elkoar De foarsitter dûmny E. C. Gravenmeijer iepenet de gearkomste mei gebed. Op de wurklist stiet as wichtichste punt: de bou fan’e nije skoalle. Op de oanbesteging binne fjirtjin ynskriuwingen yn kaam. De leechste ynskriuwing is dy fan timmerman Asma út Heech en de bou sil him gund wurde, oant der immen opmerkt: “Is hy net Roomsk? ”. Dan falt der in stilte, dit hiene se net foarsjoen. Dit feit is sa earnstich, dat de bou gund wurdt oan’e twadde op’e list, timmerman Walsmeer út Wûns.
De nij te bouwen skoalle komt foar de âlde skoalle oer te stean. Lyk as by de earste skoalle mei it net ta skea fan in stik greide gean en dêrfoar sil it lêste trochrinnende stik Tsjaerdfeart dempt wurde.
De earste stien wurdt lein op 22 oktober 1886 troch H.E. Gravenmeijer, de soan fan’e foarsitter. Op 20 april 1887 wurdt de skoalle iepene. It tydlik oanstelde haad fan’e kristlike skoalle, J. Wielinga út Gauw, wurdt no ferfongen troch de earste ûnderwizer oan’e nije skoalle, Johannes Steenbergen út Wommels.