Mieddyk


Mieddyk
©: Wytske Heida

 

De dyk is oanlein omtrint de 12e iuw en rûn fanôf Folsgeare nei Fiifhûs, dêr’t de dyk wer oansleat op de âlde Middelseedyk. De dyk hat net echt in seedyk west, mar is in âlde binnendyk. It lêste part fan de dyk is ferdwûn, mar oan Easterbuorren ta is de dyk bewarre bleaun. Dit sil grif komme om’t de tsjerke fan Folsgeare eigner fan de dyk is. De âldst bekende namme fan de dyk is Myoldick,  Mijeldick út it register fan oanbring fan 1511.

Register van de(n) Aanbreng of Staat van Aanbreng wie in ynventarisaasje fan alle belestingplichtige huzen en grûn mei de nammen fan de eigners en brûkers yn Fryslân. It wie de grûnslach foar de floreenrinte, doe noch in aparte ferheging fan de saneamde jiertaks. It joech de soarte fan ynformaasje dy`t letter ek yn it kadaster opnaam waard, mei de hierwearde fan de grûn.

 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Wytske Heida
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)