It Werp, buorkerij


It Werp, buorkerij
©: Atse Bruin

It gebiet noardlik fan de Brede Dyk wie om de 11e iuw hinne noch Middelsee. It tij sette der twa kear deis slib ôf. Hjirtroch ûntstie in stik bûtendyks lân dêr’t de boeren yn de simmer harren jongfee op weidzje litte koene. It Werp wie de namme dy’t de bewenners fan Foldesgara brûkten om dit stik lân oan te tsjutten. Werp is in algemiene namme yn Fryslân foar natuerlik of troch minsken ophege lân.

In tal iuwen letter, as de Middelsee der allang net mear is, wurdt op 14 septimber 1852 nei melkerstiid op Scheender state de koets ynspand foar Sipke Gabes Kooistra. Syn frou Yke Ruurds Abma hat de foarrige jûn, om tsien oere hinne, in soan krigen. Sipke Gabes giet, op 61 jierrige leeftyd, nei Snits om oanjefte te dwaan fan de berte fan syn jongste soan Gabe Sipkes. Mei de tsjûgen Jan Pieters Deinum, eksekuteur út Ysbrechtum en klerk Feike Boschma tekenet hy de akte.

Hoewel’t Sipke Gabes al op leeftyd is, is hy noch in krasse fint. Hy sjocht dat de  jonge Gabe Sipkes opgroeit ta in grutte sterke keardel. Gabe is en bliuwt lykwols de jongste fan de bern, syn takomst is net op Scheender state. De buorkerij is ornearre foar syn âldste broer Simon Sipkes. Gabe ferlit Scheender state en giet  nei Boalsert.

Op 1 desimber 1879 geane Fedde Oeges fan de Breeuwsma pleats (achter de pleats op Easthimmerwei 21) en skuonmakker Lucas Elzinga nei Snits om oanjefte te dwaan fan it ferstjerren fan Sipke Gabes Kooistra. Hy is nei in koart siikbêd op 88 jierrige leeftyd ferstoarn.

In wike nei de begraffenis freget syn frou Yke Ruurds Abma de notaris om del te kommen. It besit fan Sipke Gabes moat ynventarisearre wurde en ûnder de neibesteanden ferdield wurde. Simon Sipkes is al boer wurden op Scheender state doe’t syn heit noch libbe. Foar him sil der net in soad feroarje. De jongste soan Gabe Sipkes moat wachtsje oant 1885 ear’t hy oanspraak meitsje kin op syn erfdiel.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atse Bruin
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)