It gemaal oan de Tsjaerddyk
Yn 1511 is Goffa Renckaz boer oan de Tsjaerddyk (no nr. 21) en wurdt in stik lân súdlik fan’e buorkerij, “ in die Meeren” (it Marlân), sa beskreaun:
Item III ponden hoijland , leggende buijten dick , die noerdereijnd lopt op an Goffa grasland , die swdereijnd lopt in die hol.
‘Hol’ betsjut “ lege sompe “ en dit lân kin, sûnder te bemeallen, allinne mar as healân brûkt wurde. Nei’t yn 1533 de earste Fryske wetterskippen oprjochte waarden, is hjir dan ek in mûne boud dy’t it wetter út de leechlizzende sompe omheech nei de Tsjaerdfeart bringt.
Yn 1832 stiet der in spinnekopmûne op de kadaster kaart súdlik fan’e Tsjaerdfeart skean foar de buorkerij op nr. 21 oer ( dêr’t no allinne it foarhûs noch fan stiet )
Dizze mûne bemeallet mar in part fan it Marlân. Fan’e mûne is spitigernôch gjin foto. Hy wurdt yn de notariële akte de “ Zwarte Molen” neamd en kin likernôch 65 hektare bemealle. De mûne oe der útsjoen hawwe kinnen as de swarte spinnekopmûne oan de Wytmarsumerfeart by Boalsert.