Dorpswapen en -vlag
Yn 2002 kriget doarpsbelang de fraach wêrom’t Folsgeare net in eigen wapen en flagge hat. Feike van der Velde wurdt frege in ûntwerp te meitsjen. Feike ferwiist it doarpsbelang troch nei de Fryske Rie foar Heraldyk.
In doarpswapen is in wapen dat gjin offisjele status hat, mar wol troch it doarp, nei tastimming fan de gemeente dêr’t it oanbelangjende plak ûnder falt, brûkt wurde mei.
De oanfraach foar in wapen of flagge begjint mei it freegjen fan advys by de Fryske Rie foar Heraldyk. De Rie is in ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy’t dizze yn 1956 ynsteld hat.
De Rie is net in oerheidsorgaan en hat gjin wetlike taken en foegen. It is it âldste provinsjale heraldysk kolleezje yn Nederlân en bestiet út spesjalisten, dy’t op grûn fan harren saakkundigens ta lid fan de Rie beneamd binne.
Allinne de Nederlânske ‘Hoge Raad van Adel’ hat in yn de wet fêstleine taak oangeande aadlike wapens en oerheidswapens.
De Rie is in riejaande kommisje dy’t yn Fryslân wapens en flaggen fan de provinsje, gemeenten, wetterskippen, stêden, doarpen en famyljes registrearret.
De Rie advisearret ek oer de foarmjowing fan nije wapens foar oerheden, doarpen, famyljes en ferieningen en/of makket ûntwerpen hjirfoar. Foar famyljewapens jildt as betingst dat de famylje yn Fryslân wenje moat en de Nederlânske nasjonaliteit hat, of in Fryske namme ha moat as se bûten de provinsje wenje. Dizze wapens wurde yn it Genealogysk Jierboek publisearre dat troch de Fryske Akademy útjûn wurdt.
Dêrneist jout de Rie advizen oer flaggen, flaggeprotokollen, wimpels, banieren en findels en (kleur)advizen oer wapens.