De Garastrjitte


De Garastrjitte
©: Dorpsbelang Folsgeare

 

As it  Ekersein ein tachtiger jierren fan de foarige iuw folboud is, wurdt der in perseel oan’e súdkant fan Folsgeare oanwiisd foar nijbou.

Dit perseel hat al iuwen lang de namme: “ de Baetwe “.

It wurdt al neamd yn 1511 yn it Register fan oanbring ûnder : Folsgara

Lolla Teakaz. Meijer : viir ponden hoijland, leggende an die suderside die pastoers huijs , genoempt :  die Baetwe  ende hoert toe die Pastoer. Het pastoers huijs staat op de terp ‘het Tsjerkepôltsje ‘en wordt in 1755 afgebroken en niet herbouwd.

De namme  Baetwe komt op mear plakken foar û.o. yn Twellegea dêr’t “de kleijne Baetwe” en “de grote Baetwe” lizze. 

Easthim hat ek in perseel, dat wat oars skreaun is, neamd: “de Baetna “.

Under Koarnwert komme we de “ landhere Baettzie “ tsjin. Oft dit wat mei ‘de Baetwe’ te meitsjen hat, is net bekend. Nei de betsjutting moatte wy dan ek riede.

 

 

Locatie

Folsgare

© Foto voorblad: Dorpsbelang Folsgeare
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)