Doarpshûs Yn`e Lijte


Doarpshûs Yn`e Lijte
©: wytske heida

Yn Folsgeare is al jierrenlang in diskusje geande om in plak te sykjen wêr’t de doarpsbewenners by elkoar komme kinne. Hjirfoar wurdt yn 1974  in gebou fan’e tsjerkfâdij kocht. It pân stammet út 1843 en hat jierrenlang tsjinst dien as skoalle en ûnderwizerswenning. It gebou hat ek noch in tal jierren as beukerskoalle yn gebrûk west. De tsjerkfâdij ferkeapet it gebou ûnder trije betingsten:

- De keapsom is 5000 gûne

- It gebrûk as doarpshûs moat rêstich en fredich wêze

- De tsjerkfâdij moat tastimming jaan by alle feroaringen

Under lieding fan Johan van der Wal, destiids de foarsitter fan’e “Werkcommissie Dorpshuis Folsgare”, wurdt it pân mei meiwurking fan in soad frijwilligers omtsjoend ta doarpshûs.

Foar de namme fan it doarpshûs waard in priisfraach útskreaun dy’t wûn waard troch Mevr. Cnossen-Piersma. De namme waard  “Yn ‘e Lijte “. De ferklearring hjirfoar wie dat je binne sitte koene,  “yn ‘e lijte” en het pân stiet  “yn ‘e lijte” fan’e tsjerke mei syn sealtektoer. De iepening wurdt dien troch de doetiidske boargemaster Cazemier fan Wymbritseradiel.

Locatie

Folsgare

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: wytske heida
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)