De Tsjaerdfeart, de tekst beskriuwt de situaasje om 1900 hinne


De Tsjaerdfeart, de tekst beskriuwt de situaasje om 1900 hinne
©: db folsgeare

 

De Tsjaerdfeart, de tekst beskriuwt de situaasje om 1900 hinne

De Tsjaerdfeart, dy’ t ek wol Tsjaerddyksterfeart neamd wurdt, begjint yn it Morrawieltsje krekt ûnder Fiifhûs en komt dan yn ‘t Hert út. ‘t Hert bestiet yn dy tiid út trije pleatsen en twa wenhûzen.

De namme komt fan it hûs dêr’t yn de muorre hertsjes mitsele wiene en dêr’t  je in slokje krije koene. Fan ’t Hert ôf, rint de feart lâns de Tsjaerddyk nei it sintrum fan Folsgeare.

It wie net de meast handige wize om yn Folsgeare te kommen, want fan ’t Hert ôf lei de feart fol mei setten* fan de boeren dy’t harren lân yn it Marlân ( oan’e oare kant) hiene.  Oan de rûte lâns de Tsjaerddyk stiene trije mûnen. Earst kamen je lâns twa spinnekopmûnen en dêrnei  lâns in grutte achtkanter. De farwei wie benammen bedoeld foar de minsken yn ’t Hert.  Yn it sintrum fan Folsgeare slút de Tsjaerdfeart oan op de Folsgeasteropfeart, dêr’t in brechje oer de feart wie. Oan’e ein fan de Folsgeasteropfeart waarden lâns de Tsjaerddyk de skippen oanlein. Dy wie yn dy tiid noch stikken breder.

It ûnderhâld waard dien troch it wetterskip ‘de Skerwolder’ en ‘Moarrahimmen’.

 

 

 

 

Locatie

Folsgare

© Foto voorblad: db folsgeare
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Dokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)